Home
Sleattemermar

Nachtsilen Sleattemermar

10 januari 2014

Op 21 september 2013 was er een avond-nacht puzzeltocht op het Slotermeer. Een spannende en gezellige avond twee dagen na volle maan! Puzzelen op het Slotermeer in een wankele Valk!   Maaike Linde heeft er een mooi verslag over geschreven.

De hjerst is al ynsetten mar wettersport-ferieniging Sleattemermar hâld stân en organisearret deagemoedereard in puzzeltocht per sylboat oer de mar. Yn 'e nacht en mei wedstriid-elemint. In minske soe by minder ofheakje dochs? Mar d'r binne nettsjinsteande dizze gegevens genôch dappere wettersporters dy't harren fol ynsette wolle.

Eltsenien mei syn eigen ploechje by inoar sykje. Minkje wit it rap te regeljen: Fedde en ik gean tegearre mei Lolke en Minkje de striid oan mei de oare dielnimmers. Gesellich! De aktiviteitekommisje hat de fragen genipich troch inoar hutsele en elke groep moat sels mar fêststelle wat foar rûte se nimme wolle. It komt d'r fansels gewoan op del dat we de mar folslein by lâns moatte. Oant de bebouwing fan Sleat en Wâldsein ta!

Gelokkich hat Minkje fleece-klean by har, hjir kinne wy noflik op sitte sadat wy de billen lekker waarm hâlde. De manlju regelje it sylwurk en Minkje en ik boegje ús oer de fragen. As froulju binne wy mar wat grutsk op ús stoere mannen. Behalve dat hy in geweldiche stjûrman is wit Lolke ek de bêste antwurden op de fragen te jaan. En trochdat Fedde oerdei alle winkels fan Balk âfstrune hat, om de saklampe mei it fierste berik d'r út te pikken, reitsje wy nea it paad bjuster. Koartom, it giet foar wûnder. Yn Wâldsein is de fraach wat de sluterstiden binne fan de supermerke. Op in grut reklameboerd oan e wâl, noch in flink ein foar de bebouwing liket it antwurd te stean: elke zondag open van 12 tot 18 uur. Gelokkich hat Minkje direkt troch dat it om in strikfraach giet. Op de oare dagen fan de wike giet de supermerke ommers op oare tiden ticht? Wy farre dus troch nei it sintrum, lizze oan en stjoere ús hurdrinner, Fedde, op paad om op en del nei de winkel te draven. Hy komt werom mei in gedetailleerd oersicht fan de slutingstiden, dy sawat per dei ferskillend binne. Tefreden oer ús snoadens sette wy wer útein. De wyn hellet sels noch in bytsje oan en wy sile noflik keuveljend werom nei Balk. Mei in prachtig fersluierde, krekt net mear hielendal folle moanne oan e himel.

It docht bliken dat wy de lêsten binne. Dat fernuvert ús neat. Net eltsenien is fansels sa tûk west om hielendal nei de supermerke te fleanen! Wy nimme in lekker gleske wyn en genietsje fan it oanbeane lekkers. Om't de frituerpanne yn it klubhûs belies jûn hat is de snek in smaaklik stikje ananas: njammie, krékt wat in minske nedich hat nei in pear oeren nachtsilen!

De aktiviteitekommisje nimt it wurd. En ja hjer, ek al kaamen wy as lêsten binnen, ús ploechje giet d'r mei de ear fan de earste priis fantroch. We binne sa bliid as in protter! Dochs tekenje wy, by dizze, as noch beswier oan tsjin de útslach. De aktiviteitekommisje blykt net fierder sjoen te hawwen dan it reklameboerd fan de supermerke oan de wâl! Se haw harren net realisearre dat se in wiere strikfraach opsteld haw! Eins hawwe wy dan ek net de earste priis ferstjinne mar, mei eare en rom, de allerearste priis, dôchs?

Foar de organisaasje fan dizze moaie nachtsilerij: tanke wol, wy haw genoaten!

Maaike Linde


 

« terug naar het archief