Home
Sleattemermar

Mei de boat genietsje fan Fryslan en Kultuur

23 februari 2019

In lêzing oer de avontoeren van Lolke en Minkje Kroes en Jan en Reinie Feenstra
It Roefke, 23 febrewaris 2019.

Wat haw wy yn 'e ôfrûne jierren in protte moaie lêzings hân. Stoere ferhalen fan lange reizen, oer see en oseanen, fêstrinne op sânbanken, slimme lekkaazjes midden op it grutte wetter en meters hege weagen.
Mar minsken, it hoecht sa raar net. Hiel ticht by de Sleattemermar fine jo op ‘The Best in Europe List’ fan de Lonely Planet: ús eigen Fryslân.
Jan, Reinie, Minkje en Lolke hawwe yn de prachtige simmer fan 2018 mei elkoar op paad west. Mei harren Friendships ‘Dûbbel Fjour’ en ‘Wynbrekker’. Om te genietsjen fan de bysûnder moaie wrâld fan Fryslân. Mei de gâns soart ekstra’s fan de Kulturele Haadstêd op de kop ta. It doel wie om alle tsien (doe noch, sûnt koart stean der einlings alve) fonteinen fan de Fryske stêden te besykjen.
Fanút Balk, dêr’t de reis begjint mei in gebakje oan board, noch foar de wâl yn de Luts. Troch nei Sleat, Wâldsein en Drylts. Mei de Kievit fan Lucy & Jorge Orta, de Onsterfelijke Bloemen fan Shinji Ohmaki. Mar ék waard der folút genoaten fan de Colorfield Performance yn Sleat. En yn Drylts it Houtmuseum en de achtkante houtseachmûne de Rat, yn fol bedriuw.
De fjouwer freonen hawwe al gau troch dat it farren fansels prachtich is, mar dat de wrâld efter de marren en sleatten de muoite fan it ûntdekken ek mear dan wurdich is. Se rinne troch de Ruterpolder, meitsje in stedskuier troch it histoarysk sintrum fan Boalsert, besjogge it fûgelreservaat de Skrok en fytse lâns ús unike kliffenkust nei Hylpen. En passant besjogge se de Vis fan Mark Dion, de Flora & Fauna fan Shen Yuan, de Vleermuis fan Johan Creten en de Woeste Leeuwen fan Cornelia Parker. Wat hawwe wy dochs moaie âlde stedsjes rûnom de fonteinen lizzen!
Fan Makkum giet de reis oer it sâlte wetter nei Harns. It is machtich moai waar en de Waadsee mei har eilannen lonket. Mar de doelstelling moat fansels earst berikt wurde. Der binne noch fjouwer fonteinen te gean.
De Walvis fan Jennifer Allora & Guillermo Calzadilla yn Harns leit der as in strâne potfisk by. Allinne de krêftige wetterstriel dy’t it bist sa no en dan omheech spuitet ferriedt dat hy libbet. Fan út de ferieningshaven fan Harns giet it fjouwertal op nei Frjentsjer. Net it moaiste stik fan de rûte. Mar de Oortwolk fan Jean-Michel Othoniel foar de grutte Martinitsjerke, en it Planetarium, fan dy oare grutte natuerkundige út Frjentsjer, meitsje it hielendal goed.
Op sawat alle foto’s dy’t de presintaasje begeliede binne de loften strakblau, mei sa út en troch allinne in lyts wynfearke der by. Dochs wit de sprekster, Minkje, te fertellen dat it ek sa no en dan ‘waaide dat it rikke’. Sa ek doe’t se troch de bysûndere Slauerhoffbrêge yn Ljouwert gienen. Dizze basculebrêge sil dy dei hiel wat wyn opfongen hawwe. It hiele dek fan dizze brêge wurdt fyftjin meter heech optakele mei swiere draachearms. Wat in moai gesicht, wy soenen ‘m eins de hiele dei omheech stean litte moatte. Ek aardich foar de kloften Sjinezen en Japanners mei harren fototastels.
Yn Ljouwert wurdt langere tiid trochbrocht. Fansels om de Love fan Jaume Plensa te besjen. Mar ek stappe se op ’e fyts nei Bartlehiem, geane se mei it pontsje nei de tegeltsjebrêge, hat Wetsus in nijsgjirrige eksposysje, sjogge se de ljochtshow op de Aldehou en binne der de tekeningen fan Escher. Mar it aldermoaiste is fansels de ’Dekens der Verbinding’ yn de Griene Stjer. It binne tsientûzen haakte tekkens. Dêr’t Reinie en Minkje sels ek flink foar oan it wurk west hawwe. It is noch in hiele toer om de eigen tekkens út de tûzenen te finen. Mar it slagget harren.
Troch nei Snits. Mei it moaie tuskentroch oer de Wergeasterfeart. Eins moat eltsenien fan ús dat in kear dwaan. Je farre hjir troch prachtige griene greiden en de uterst smelle feart dwers troch it âlde diel fan Wergea. In ûnderfining op himsels.
By Allingawier gean se efterút mei beide boaten troch de feart. Jo wolle at je fêst drige te rinnen wol wer goed fuort komme kinne fansels. It sil der frjemd útsjoen hawwe fan de wâl ôf. En nedich wie it ek al net.
Yn Snits, efter de wetterpoarte, stiet de Fontein van Fortuna fan Stephan Balkenhol. It is mar in lyts, wat stoatersk mantsje. Mar hy tôget mar wol moai ‘de hoorn des overvloeds’ op it skouder.
Dizze fontein jout eins perfekt oan wat Reinie, Minkje, Jan en Lolke yn trije wiken tiid belibbe hawwe. En ús fan ‘e jûn dielgenoat fan makke hawwe. Hoe tichtby wy ek bliuwe, hoe lyts ús provinsje ek is: wy libje yn in lân fan wielde en oerfloed. Mei in prachtich lânskip en sa folle om te ûntdekken en fan te genietsjen!
Optekene troch,
Maaike Linde

     

     

     


 

« terug naar het overzicht